Oerlêst troch snie en glêdens

05 jan 2010 - 08:44

Wa't mei de trein fan Ljouwert nei Zwolle wol moat rekken hâlde mei fertraging. De NS hat in tekoart oan treinen en lit dêrom op it trajekt saneamde pendeltreinen ride. Dy stopje faker en ride stadiger, de reis duorret dêrtroch sa'n 15 minuten langer. Yn Fryslân sels ride de treinen en bussen wol gewoan.

Troch de glêdens ha der moandeitenacht njoggen ûngelokken west yn Fryslân. By acht ûntstie allinne blikskea. By de njoggende rekke ien persoan ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)