Frisia leveret noch struisâlt

05 jan 2010 - 07:20

Frisia Sâlt yn Harns kin noch foldwaan oan de fraach nei struisâlt. Wol kin it fabryk net alle bestellingen mear yn ien kear leverje, omdat it beskikbere sâlt safolle mooglik ferdield wurdt oer de ôfnimmers. Om oan de fraach foldwaan te kinnen draait it fabryk oeroeren.

Hieltyd mear gemeenten yn Nederlân hawwe in tekoart oan struisâlt, omdat fabriken net mear genôch leverje kinne. Frisia kin dat noch wol omdat der in flinke foarried wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)