Opnij snie yn 'e provinsje

05 jan 2010 - 07:11

Ferkear yn Fryslân moat tiisdeitemoarn opnij rekken hâlde mei glêde diken. Troch nije snie, mar ek troch opfriezen kin it op plakken glêd wêze. Neffens Rykswettersteat binne de rjochterrydstroken fan de rykswegen goed berydber, by de oare rydstroken moat it sâlt noch ynwurkje. Ek de provinsjale diken binne ridlik te beriden, benammen op lokale diken kin it noch glêd wêze.

Piet Paulusma warskôget der foar dat der tiisdei noch mear snie falle kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)