Alvestêdewinners krije kado

It skilderij foar âlvestêdewinner Henk Angenent
Yn it reedrydmuseum yn Hylpen hawwe de njoggen lêste winners fan de Alvestêdetocht moandei in skilderij fan harsels oerlange krigen.
It giet om wurken dy't makke binne troch skilderes Hansje Busquet-de la Porte. Dy hat ferline jier de skilderijen makke fanwege it 100-jierrich bestean fan de Feriening Fryske Alve Stêden. Moandei waarden se kado dien oan de eardere alvestêdewinners, wêrûnder Reinier Paping en Jeen van den Berg.