Auto boppe wetter hâlden

04 jan 2010 - 16:47
  • De auto mei helptsjinsten derby
  • De rêders op 'e Burdaarderstrjitwei

Twa Dokkumers binne sneontejûn rêden troch freonen. Se wiene op 'e Burdaarderstrjitwei by Sibrandahûs mei de auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre. De maten rieden derachter en stapten fuortendaliks út. Se sprongen yn it iiskâlde wetter en treaunen de auto in bytsje omheech, sadat de beide ynsittenden wer wat lucht krigen.

De brânwacht wie der gau by en hat de manlju út de auto helle. Gjinien fan de belutsenen hat wat oan it aventoer oerhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)