IIsbrekkers farre op Iselmar

04 jan 2010 - 15:54
  • IIsbrekker (argyffoto)

Rykswettersteat hat moandei trije iisbrekkers ynset op 'e rûte Amsterdam-De Lemmer. Dy moatte it wetter iepen hâlde foar frachtskippen. Foar skippen oant twintich meter jildt al in farferbod op ûnder oare de Iselmar en de Markermar.

Op 'e rûte Amsterdam-De Lemmer farre twa iisbrekkers elkoar yn 'e mjitte. Tusken De Lemmer en Lelystêd is ien iisbrekker yn 'e feart. It is neffens Rykswettersteat noch net nedich om yn konfoai te farren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)