Deiblêd wurdt printe by de LC

04 jan 2010 - 15:18

It Frysk Deiblêd wurdt fan moandei ôf printe by de Ljouwerter Krante yn Ljouwert. It deiblêd waard oars altyd printe by Hoekstra yn Emmeloard.

It printsjen yn Ljouwert betsjut folle minder transportkosten. Boppedat hat de redaksje mear tiid om de artikels oan te leverjen. De tiid dy't oars nedich wie foar transport kin no brûkt wurde troch de ferslachjouwers. Der wurde 18.000 stiks fan it Deiblêd makke. De drukparse docht dêr in goed healoere oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)