Alde boaten moatte iis brekke

04 jan 2010 - 14:28
  • De Javazee yn 'e haven fan Den Helder

De KRNM leit yn ferskate havens âlde rêdingboaten del as iisbrekkers. Yn Harns wurdt tiisdei de Javazee ferwachte. Dat skip leit sûnt 2006 by it KNRM-museum yn Den Helder. Moderne, opblaasbere rêdingboaten kinne min troch it iis komme. As de see tichtferzen is, kinne de âlde boaten foar de rêdingboaten útfarre.

Yn Lauwerseach leit sûnt âldjiersdei de Gebroeders Luden klear. De maatregel is út foarsoarch, want de Waadsee is noch iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)