SC Hearrenfean is nûmer 1

SC Hearrenfean is de bêste sportploech fan 2009. Dat hawwe de harkers fan Omrop Fryslân bepaald yn de nûmer-1-enkête. It fuotbalteam fan de klup krige de measte stimmen, fral omdat de ploech de KNVB-beker wûn. Twadde waard it team fan Cambuur. Der kamen ek in soad stimmen foar Harkemase Boys. Oare nominaasjes wiene der foar de follybalfroulju fan Snits, de keatsers fan Wjelsryp en reedridersploech fan DSB. De enkête fan tiisdei giet oer de bêste politikus.