Ynspeksje rûte Alvestêdetocht

04 jan 2010 - 12:26

Alvestêdetochtwinner Henk Angenent ynspektearret moandei en tiisdei de rûte fan 'e Alvestêdetocht. Hy docht dat net as wedstriidrider, mar as ploechlieder. Besjoen wurdt oft der grutte feroarings binne foar de fersoargingsposten. Moandei besjocht er de rûte om 'e súd Ljouwert-Harns, tiisdei dy om 'e noard by Dokkum om.

It is trettjin jier ferlyn dat Angenent de Alvestêdetocht wûn. Doe wiene der fjouwer posten mei iten en fersoarging, no tsien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)