Brân op kotter is út

04 jan 2010 - 11:31
  • De UK 143 dêr't de brân oan board wie

De brân op 'e Urker kotter UK143 is út. It skip fear 70 kilometer boppe Skylge doe't de brân útbruts. Neffens de Kustwacht hawwe rêders oan board west. De fiifkoppige bemanning hat it fjoer sels útmakke. Se rûnen dêrby gjin gefaar.

De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak yn de masinekeamer. Der binne ûnder oare rêdingsboaten fan Skylge en twa helikopters fan definsje nei it skip ta stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)