Wol les nei brân op skoalle

De brân yn 'e skoalle (foto: René Hiemstra)
De lessen op it Bornego College oan De Beugel op It Hearrenfean binne moandei neffens skema begûn. Ferline wike hat der brân west oan de achterkant fan it skoalgebou. Der ûnstie skea oan in opslachromte en twa praktyklokalen. De learlingen kinne earst foar in skoft terjochte yn oare lokalen foar de praktyklessen. De plysje hâldt rekken mei brânstichting. Op it momint fan útbraak fan 'e brân binne twa jonges sjoen by de skoalle.