Flyers sette jier goed út ein
Yn de iishockey-earedivyzje ha de Hajé Flyers de earste wedstriid fan 2010 mei 5-3 wûn fan HIJS Den Haach. Den Haach is regearend lânskampioen en kaam yn de earste perioade mei 2-1 foar. Yn de twadde perioade namen de Flyers in 4-3 foarsprong troch ûnder mear twa goals yn sân sekonden tiid.
De tredde perioade waard sadwaande tige spannend, mar doe't Paul Vincent skoarde wie de winst binnen. De Flyers steane no stevich op it twadde plak.