Maratonriders gjin Kazak

03 jan 2010 - 17:37

De maratonreedriders Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma hâlde op mei it Kazakse aventoer. De beide Friezen woene krekt as Christijn Groeneveld, Rob Hadders en Robert Bovenhuis foar Kazachstan nei de Olympyske Spelen yn Vancouver. Benammen de burokrasy yn Kazachstan hat ta dit beslút laat.

Op 1 jannewaris soe alles regele wêze. No't dat net it gefal is, ha de riders mei har coach Jillert Anema de stekker út it hiele projekt lutsen. It NK maraton komt no ek net mear yn gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)