Kettingbotsing by Ketelbrêge

03 jan 2010 - 16:40

Tweintich auto's binne sneintemiddei op elkoar klapt by de Ketelbrêge yn de A6 krekt besuden de provinsje. By dizze kettingbotsing binne ek inkelde minsken licht ferwûne rekke. Dat hat de plysje bekend makke.

Hoe't it ûngelok barre koe is noch net bekend. Ek is net bekend oft it wat te krijen hat mei it iepenjen fan de brêge foar it skipfeartferkear, dat snein foar it earst yn lange tiid barde. Neffens de plysje kinne ek de glêdens en dize de oarsaak wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)