Ynbraak en auto stellen Harns

03 jan 2010 - 15:28

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei in ynbraak yn in wenning oan de Joost van den Vondelstrjitte yn Harns. Sneontejûn kamen de ynbrekkers binnen nei it forsearjen fan in rút. Ut de wenning waard in laptop en digitale kamera fuortnaam.

Oft der mooglik noch mear mist, wurdt noch ûndersocht. Ek waard út de wenning in autosleutel weinaam. Dêrnei naaiden de ynbrekkers út yn de auto fan de 53-jierrige bewenner. De auto waard sneintemoarn fûn yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)