Bushokje fernield op Skylge

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa jonges (16), beide fan Skylge-West oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging tsjin guod op Skylge. Om midsnacht hie in tsjûge sjoen dat in bushalte op de Haadwei yn Baaidunen fernield wie.
Dêr stie in groep jongeren, dy't letter yn de bus stapte yn de rjochting fan West. De plysjes trasearren de bus op West. Fan de groep waard de twa 16-jierrigen oanholden foar de geweldpleging.