Krystkado's foar teatershows

De Lawei yn Drachten
Sa'n tweintich minsken ruilen sneon krystkado's yn foar teaterkaartsjes. By it Posthús Teater op It Hearrenfean en De Lawei yn Drachten koe dat. Der waarden kofjesetapparaten, boeken en komplete krystpakketen brocht.
Mei de aksje wolle de teaters in oar publyk oanlûke. De minsken koene kieze út tal fan foarstellings. It inisjatyf krijt takom jier mooglik in ferfolch.