Soarch feiligens basisskoallen

03 jan 2010 - 13:48

De gemeenteriedsfraksje fan it CDA yn Boarnsterhim makket him soargen oer de feiligens by de basisskoallen yn de gemeente. Dy binne faak it doelwyt fan fandalen en dieven, sa seit de partij. It ôfrûne jier ha der meardere ynsidinten west, lykas stikken smiten bierfleskes op it plein, fernielde ruten en besmodze muorren en doarren.

It CDA wol fan it kolleezje wite wat de plysje dit jier docht om soksoarte ynsidinten foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)