Ketelbrêge wer even iepen

03 jan 2010 - 13:37
  • De Ketelbrêge besuden De Lemmer

De Ketelbrêge yn de Noardeastpolder giet sneintemiddei om trije oere wer eefkes iepen foar it skipfeartferkear. Dat hat Rykswettersteat bekend makke. Automobilisten moatte rekken hâlde mei in wachttiid fan in oere.

De Ketelbrêge is bûten gebrûk steld nei in ynsidint yn oktober ferline jier. Doe gie it beweegbere diel fan de brêge sûnder oanlieding omheech. Dêrtroch ûntstie der in gaos op de sneldyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)