Bob de Vries kiest natoeriis

Bob de Vries (foto: Martim de Jong)
Maratonreedrider Bob de Vries fan De Haule hat it der net iens dreech mei. As der de kommende tiid wedstriden binne op natoeriis dan docht er mei. Wylst ein jannewaris der foar him ek noch in Olympysk kwalifikaasjetoernoai op it programma stiet.
Bob de Vries kin him noch pleatse foar de Olympyske 5000 meter yn Vancouver. Konkurrinten binne ûnder oaren Carl Verheijen en Koen Verweij. Mar omdat natoeriis hast noch seldsumer is as de Olympyske Spelen, kiest er it natoeriis.