Sven Kramer net mei de flagge

02 jan 2010 - 22:06
  • Sven Kramer (foto: KNSB)

Sven Kramer sil by de iepening fan de Olympyske Spelen yn Vancouver net de flaggedrager foar Nederlân wêze. Dat hat Henk Gemser, de 'chef de mission', sneon sein by de teamoerdracht. Atleten dy't de earste twa dagen yn aksje komme, meie net iens meirinne by de iepeningsseremoanje. Se moatte yn it Olympysk doarp bliuwe.

Sven Kramer moat daliks op de earste dei de 5000 meter ride. Hy is op dizze ôfstân de grutte favoryt foar de gouden medalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)