Hoogeveen wint nijjiersrin

02 jan 2010 - 17:31

Hurdrinner Eelco Hoogeveen fan Blije is sneon yn De Wylp (Grinslân) winner wurden fan de nijjiersrin. Hy rûn de heale maraton oer besnijde diken yn ien oere, 23 minuten en 35 sekonden. Alfred Kuiper fan De Like waard twad op 2 minuten en 54 sekonden en Cor Ton fan Waskemar wûn it brûns. Hy wie fjouwer minuten en sechtjin sekonden langer ûnderweis as winner Hoogeveen.

De wedstriid by de froulju waard wûn troch Jansje Lageveen fan Oerterp yn ien oere, 42 minuten en 54 sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)