Ferfelende manlju oanholden

De plysje hat de ôfrûne nacht yn Ljouwert in twa Ljouwerters fan 17 en 19 jier oanholden. De plysjes wisten dat de 19-jierrige in kollektyf hoarekaferbod hie. De beiden giene lykwols dochs in kafee yn.
De 19-jierrige waard dêrop oanhâlden op fertinking fan húsfredebreuk. Syn maat wie it dêr net mei iens en fersette him fûl tsjin de plysje. De plysje joech him it befel om fuort te gean, mar hy woe net om lyk. Uteinlik is de man oanhâlden.