Tsjûgen socht fan brân It Fean

02 jan 2010 - 14:13

De plysje fan It Hearrenfean siket tsjûgen fan de brân yn de Bornegoskoalle oan de Beugel op It Hearrenfean. Aldjiersdei wie brân ûntstien oan de achterkant fan de skoalle. In opslachhok en twa lokalen rekken skansearre.

De plysje tinkt dat der sprake is fan brânstifting. Der binne twa jonges sjoen op it dak fan it opslachhok. It giet om twa blanke jonges fan likernôch 17 jier, donkerblond en sa'n ien meter tachtich lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)