Eenhoorn hellet 10.000 euro op

De maratonútstjoering op radio Eenhoorn tusken kryst en âld en nij hat in rekôrbedrach fan 10.000 euro opsmiten. De organisaasje fan de maraton wie yn hannen fan in groepke jonges tusken de 17 en 20 jier.
Se ha 120 oeren achterinoar radio makke en dêrneist waard fan alles organisearre om jild byelkoar te heljen foar de stifting Doe een wens! Der wiene in hiel soad sponsors fûn en as minsken in plaatsje oanfregen joegen se faak ek in bydrage.