Minder auto's ferkocht yn 2009

Minder auto's ferkocht
Fryske garaazjes hawwe oer 2009 hast in kwart minder auto's ferkocht as yn 2008. Fryske autodealers herkenne har dêrmei yn it lanlike sifer fan 22% minder ferkeapen. As der al auto's ferkocht wurde, binne dat meastal lytse sunige auto's en dêr kinne de garaazjes minder oan fertsjinje.
Hast alle autobedriuwen moatte besparje. Dat dogge se troch te snijen yn it personiel of troch bygelyks gjin poetsbedriuw mear te freegjen, mar de auto's sels skjin te meitsjen.