List oan de start Dakar-rally

Doe't Gerard List noch op Flylân wie
Gerard List fan Flylân is nijjiersdei yn de Argentynske haadstêd Buenos Aires starten yn de Dakar-rally. List docht net mei as dielnimmer, mar as begelieder fan trije motorcoureurs.
Hy rydt it sawat 9000 kilometer lange trajekt troch de sânflaktes fan Argentinië en Sily yn syn eigen landrover. It is foar de twadde kear dat de Dakar Rally yn Súd-Amearika holden wurdt. De belevenissen fan it team fan List binne te folgjen fia de webside waddenrally.nl