Blije fleurich 2010 yn

Ferline jier kaam yn Blije de ME der noch oan te pas, mar dit jier wie it gewoan gesellich. Dat is mei te tankjen oan de aktiviteitekommisje fan it doarp. Dy hie dit jier in grut feest organisearre mei in hiele jûn live-muzyk en in bakje sop en broadsjes ta beslút.
It inisjatyf is goed útpakt en ek de jeugd wie hiel entûsjast. De bedoeling is dat der takom jier wer sa'n soarte fan feest organisearre wurde sil.