Jorrit Bergsma wint maraton

01 jan 2010 - 16:26
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat op nijjiersdei de sechstjinde wedstriid om de Maraton Cup wûn. Nei 80 kilometer wie er yn de einsprint rapper as Ruud Aerts en Jan Maarten Heideman. It wie foar Bergsma de twadde oerwinning dit seizoen. Hy wie ek de bêste yn de earste maraton yn Alkmaar.

By de froulju gong de oerwinning nei Mireille Reitsma fan Emmeloard. Maria Sterk wie op it sânde plak de bêste Friezinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)