Plysje yn it gesicht slein

Twa plysjeminsken mishannele yn Drachten
De plysje hat yn de âldjiersnacht twa ynwenners fan Drachten oppakt. It giet om twa manlju fan 21 en 22 jier âld. De 21-jierrige misledige yn de Brouwersstraat in plysje.
Doe't er dêrfoar oanhâlden waard ferskynde de 22-jierrige. Dy trape in plysje yn de rêch en sloech in plysjefrou yn it gesicht. Nei in wrakseling en de ynset fan pepperspray koene de twa oanhâlden wurde. Se binne fêstsetten op it plysjeburo.