Brêge Frjentsjer wer iepen

30 mrt 2012 - 12:21

De statsjonsbrêge yn Frjentsjer giet freedtemiddei neffens planning om trije oere wer iepen. Dat hat de provinsje sein. De brêge wie sûnt ferline wike moandei stremd fanwege ûnderhâld. De stielen ûnderdielen fan 'e brêge moasten makke wurde.

It ferkear waard omlaat oer de Frisiabrêge. Foar fytsers en fuotgongers wie der in pontsje. Undernimmers op it súdlike yndustryterrein yn Frjentsjer seine earder dizze wike dat se tsientuzenen euro's omset misrûn binne troch de renovaasje fan de stasjonsbrêge, omdat minsken kilometers omride moasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)