Man oppakt foar mishanneling

01 jan 2010 - 12:05

De plysje hat tongersdeiteûn yn in wenning oan de Auke Stellingwerfstrjitte yn Ljouwert in 32-jierrige man oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat er in 29-jierrige Ljouwerter frou bedrige en mishannele hat.

De frou fertelde de plysje dat de man har slein hie en dêrnei bedrige hie mei in fjoerwapen. De man is meinommen nei it buro. It hús is ûndersocht, mar in fjoerwapen waard net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)