Jonge ynbrekkers yn Ljouwert

Omdat der in goed sinjalemint wie, koe it trio oanhâlden wurde
De plysje hat freedtemoarn betiid oan de Fennen yn Ljouwert trije Ljouwerters fan 14 en 15 jier oanhâlden. Se wurde fertocht fan in ynbraak yn in wenning oan de Fennen.
In tsjûge hie de jonges dwaande sjoen en hie de plysje belle. Omdat der in goed sinjalemint jûn wie koene de trije al gau oppakt wurde en meinommen wurde nei it buro foar ferhoar. In 27-jierrige Ljouwerter hat oanjefte dien.