Frou yn Bûtenpost berôve

01 jan 2010 - 11:57

In 19-jierrige frou út Bûtenpost is tongersdeitejûn berôve fan har tas. Se rûn oer de Hoefslag doe't trije jonges op har ôfkamen. Twa fan de jonges goaiden fjoerwurk nei har en de tredde pakte har tas ôf. De jonges naaiden dêrnei gau út.

De plysje hat mei help fan in plysjehûn noch wol om de jonges socht, mar se binne net mear fûn. De frou hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)