130 by nijjiersdûk Amelân

01 jan 2010 - 10:09

Der hawwe 130 minsken meidien oan de Nijjiersdûk op it Amelân en dat is in nij rekord, ferline jier diene der 112 minsken mei. By Hollum dûkten 30 eilanners en 100 toeristen it kâlde wetter yn. EHBO en KNRM stiene paraat, mar hoegden neat te dwaan.

De jongste dielnimmer wie 5 jier, hy sprong tegearre mei syn pake fan 70 de Noardsee yn. Nei ôfrin wie der earte foar alle dielnimmers. De organisaasje wie tige tefreden oer it ferrin fan de Nijjiersdûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)