Striefort by A32 yn 'e brân

De brân yn it striefort by Aldeholtwâlde soarget op dit stuit foar hieltyd mear oerlêst. Op de sneldyk A32 binne by Wolvegea buorden pleatst dy't warskôgje foar minder sicht troch de reek. De brânwacht wie fan doel om de bult útbrâne te litten, mar dat wurdt no opnij besjoen.
De brân yn it striefort is fannacht ûntstien. It metershege kastiel bestiet út tsientallen strierôlen en is boud as protest tsjin it Europeeske lânboubelied.