Plysje âldjiersnacht tige wach

31 des 2009 - 16:56

De plysje Fryslân set heech yn op de feilichheid op strjitte yn de âldjiersnacht. Der sil in protte surveillearre wurde yn de provinsje en de plysje sil him dúdlik sjen litte.

Soarch is foaral it yllegale fjoerwurk dat jongeren ôfstekke. Dat leit benammen opslein yn garaazjes by wenhuzen. En dat is libbensgefaarlik. Woansdei waard 2000 kilo fjoerwurk yn beslach naam op trije plakken yn de provinsje. Yn Ljouwert op twa adressen en yn Boazum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)