Wok-restaurant E10 wer iepen

It Wok-restaurant E10 by Hurdegaryp giet nije wike tongersdei wer iepen. It restaurant is sûnt moandei ticht neidat de hierders de kaai by de eigners, de famylje Klemkerk fan Snits, ynlevere hawwe.
Foar Cecilia Klemkerk kaam dat net ûnferwachte omdat de hier al in tal moannen net mear betelle waard. Neffens frou Klemkerk is mismanagement de oarsaak fan de finansjele problemen fan de hierders. De ôfrûne dagen binne hûnderten gasten ôfsein.