Nije tunes by de Omrop

Omrop Fryslân Radio klinkt fan freed ôf in bytsje oars. Op nijjiersdei nimt de radio nije jingles en tunes yn gebrûk. Sa goed as alle begjintunes fan de radio binne ferfongen.
De lêste grutte fernijjing fan de foarmjouwing op de radio wie op 1 jannewaris 2007. Doe waarden echt alle jingles en tunes ferfongen. No binne der in pear saken feroare. Omrop Fryslân wol mei de nije tunes by de tiid bliuwe en foarkomme dat de âlde tefolle ferfele soene.