Nij gemeentehûs yn Boalsert
Yn Boalsert is de earste peal slein foar it nije gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân. It giet om in âldjiersstunt.
Neffens de betinkers sil der oan de A7 lâns wurke wurde oan de takomst fan de fúzjegemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel. Boalsert soe de striid fan Snits om it haadplak te wurden wûn hawwe.