Drugsdealer oppakt op de Weaze

De plysje hat woansdei op de Weaze in 33-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanholden foar de hannel yn harddrugs. Plysjes seagen dat de man kontakt makke mei in frou en har wat joech.
Omdat de plysjes it fermoeden hiene dat it om drugs gie, pakten se de man op. De fertochte smiet dêrby boltsjes kokaïne yn de grêft. De plysje fûn noch 18 boltsjes harddrugs by him. De man is foar fierder ûndersyk fêstsetten.