Crone: snein gjin plysje-aksje

30 mrt 2012 - 12:12

De gemeente Ljouwert sil freedtejûn om sân oere yn in koart pleit by de rjochtbank yn Ljouwert freegje om in ferbod fan de plysje-aksje fan snein. As de aksje fan de rjochtbank wol mei kin de wedstriid Cambuur-Zwolle yn de Jupiler league net trochgean.

Boargemaster Crone is benaud dat dan likegoed opskuor yn de stêd ûntstean sil. Trochgean fan it duel liket him fierwei it bêste, mar dan moatte de plysje-aksjes foar in bettere CAO fan snein ferbean wurde. De wedstriid Cambuur-Zwolle stiet te boek as in risikoduel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)