Ravaazje nei botsing mei ambu

30 des 2009 - 20:44
  • De ambulânse botste frontaal op de frachtwein

By in oanriding op de Hindrik Algrawei by Ljouwert binne woansdeitejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. Twa fan har binne der slim oan ta. Ien fan beide is de ambulânsesjauffeur (54) út Ljouwert. Dy is frontaal op in frachtauto botst neidat er ynhelle of op de ferkearde dykhelte bedarre is.

Twa oare frachtauto's ferûngelokken doe't se de oanriding besochten te ûntwiken. De foarste ried dwers oer in beam en bedarre yn in feart. Dy sjauffeur (26) út Harns rekke beknipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)