Skoskerinners slope iisflier

It iis op de nije iisbaan fan Boalsert is dizze wike twa kear folslein fernield. De iisklup Boalsert is bot oandien troch de fernielings. Woansdeitejûn hat de brânwacht in nije laach wetter op de stikkene iislaach spuite, yn de hope dat der sa noch in goeie iisflier ûntstiet.
Jeugd hat oan it skoskerinnen west. De iisklup hat de gemeente oproppen gau foar in stek om de baan op sportkompleks it Bolwurk te soargjen. De baan is noch mar krekt yn gebrûk.