Elma de Vries nei Vancouver

Elma de Vries nei Vancouver (foto: KNSB)
Elma de Vries hat op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai yn Thialf har Olympyske dream dochs noch wiermakke. De Friezinne fan De Haule, no wenjend yn Meppel, wûn de 5000 meter yn 7.07,41 en mei har no yn Vancouver sjen litte.
Snein, op de earste dei, gong it striemin mei De Vries. Doe waard se sechstjinde en lêste op de 1500 meter. Nei in ridlike 3000 meter op moandei mei in fjirde plak, bewarre Elma de Vries it bêste foar it lêst.