Nijjier op ruten Wâlterswâld
Ynwenners fan Wâlterswâld waarden woansdeitemoarn konfronteard mei in opfallende nijjiersgroet.
Op de ruten fan tsientallen huzen is yn de nacht fan tiisdei op woansdei it boadskip 'GNJ 2010' oanbrocht. Oftewol 'Gelukkig Nieuwjaar'. Wa't achter de aksje, is net bekend. Foar de bewenners betsjut it rúthimmelje.