Westra nei La Marsaillaise

30 des 2009 - 16:41

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is troch syn ploech Vacansoleil selektearre om La Marsaillaise te fytsen. Ploechlieder Van der Schueren hat dit woansdei bekend makke.

De GP d'Ouverture La Marsaillaise is in wedstryd yn Frankryk dy't ein jannewaris riden wurdt. It wurdt sjoen as it begjin fan it hurdfytsseizoen. Westra hat mei syn ploech in drok skema yn 2010. De earste moannen wurde in soad wedstryden riden sadat alle fytsers genôch koersritme opdogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)