'Oaljekoekeoalje net yn de wc'

30 des 2009 - 14:58

Wetterskip Fryslân warskôget minsken om de oaljekoeke-oalje net troch it húske te spielen. Dat soarget foar ferstoppings yn it rioel en problemen by de wettersuvering. Boppedat jaget it it wetterskip op ekstra kosten.

Sa is berekkene dat it opromjen fan ien liter oalje twa euro tachtich kostet. It bêste kin fet yn in bakje dien wurde dat je kwyt kinne yn de grize kontener. Oalje kin ôfjûn wurde by de miljeustrjitte fan de ôffalferwurker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)