2de radiokanaal omrop op 31.12

30 des 2009 - 14:44
  • Omrop Fryslân giet los mei in Fryske Top 100-temakanaal

Omrop Fryslân begjint op âldjiersdei mei in twadde radiostjoerder mei 24 oeren deis alle hûndert nûmers fan de Fryske Top 100. De stjoerder is te ûntfangen op omropfryslan.nl. It giet earst om in eksperimint fan in moanne.

De omrop hat yn 2009 ynvesteard yn apparatuer om mear ynternetstreams mooglik te meitsjen. As it goed foldocht, wol de omrop faker aparte stasjons opsette. Dat kin gean om oare muzyk, of bygelyks om in temakanaal mei it Oerolfestival op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)